Buitenpost 5- Rottevalle 2

Sneon 18 febrewaris stie de wedstriid Buitenpost 5- Rottevalle op it programma op sportpark de Swadde ien Bûtenpost. Rottefalle mocht it opnimme tsjin de ongeslagen koprinner ien dizze 4e klasse reserve. Thus waard der noch ûnnedich mei 1-3 ferlen, dus moest der revanche komme it keuntsgers fan Bûtenpost.

De wedstriid begie goed fjoar Rottefalle. Fanoa de ôftraap gong de bal oer 10 skieven en kaam ferfolgens bie Benjamin van der M (Bennie) die de bal makkelik neist de keeper van Butenpost koe skowe. 0-1. Bûtenpostt hie de bal noch net rekke! In knap begin fjoar Rottefalle, allinich nei de ôftraap fan Butenpost bliekte dat sie elkoander ek maklik fine koene. Nei san 10 minuten wie it dan ek alwer 1-1, neidat in lange bal fan Bûtenpost (mei in beste puster wyn derachter) net goed ienskat waard troch de ferdigening fan Rottefalle en de spits van Bûtenpost maklik koe iensjitte 1-1. Nei dizze goal golfde it spul op en del, Rottefalle kriege wat kânsen via Siebren D. en Luuk de R. allinich wie it steeds krekt net. Oan de oare kant wie Bûtenpost ek kontinu gefaarlik, omdat it fjild fjisten te grut wie en der tefolle gatten foelen. Nei in ûnrjochtfeardige corner fjoar Butenpost, koe de spits fan Bûtenpost nei in oasleine bal keihurd uthelje en fjoar de 2-1 oantekenje. Anno koe net iens sa hurd syn hannen omheech dwaan, sa hurd wie dizze bal. 5 minuten fjoar it piipskoft kaam Bûtenpost sels op 3-1, neidat hun noemer 2 (beste spiler fan it fjild hjoed) sichsels makkelik frijspiele bûten de 16 meter en verwoestend úthelle ien de lange hoek. 3-1. Gelukkig wie it hjir nei frij snel rust, sadat Rottefalle even koe bekomme fan dizze Bûtenpost- stoarm de earste helte.

De twadde helte moest it al oars, mar is tsjin san tsjinstanner in omslach mogelik? We sille it sjen de twadde helte. De folgende wissels waarden ienbrocht om it tij te keren: Eswin M, Hains M, en Hielke A.

It earste ketier fan de twadde helte wie de ferslachjouwer al under de dûs, dus der gjin ferslach fan. Neffens de hurde kern van Rottefalle wie der ek net folle bard, dus gjin probleem. Wat wol die blieken (de twadde helte ek) dat de wyn hjoed wol een aardich effekt hie op it spulferloop. Wie it de earste helte Bûtenpost die profijt hie fan de wyn, sa wie it Rottefalle dat de twadde helte it fjoardiel hie. En nei san 20 minuten ien de twadde helte kaam der dan ek de oansluttingstreffer fjoar Rottefalle. Nei in moaie fjoaraksje fan Kevin W, draaide Hielke A sich knap frij en helle ferwoestend ut ien de lange hoeke 3-2. De keeper hie gjin skijn fan kans. Een domper ien dizze wedstriid nei dizze goal wie echter it utfallen fan Kevin W mei in redelik ernstige enkelblessure sa die blieken. Sterkte.

Nei dizze knappe goal wie it Rottefalle die at de touwtjes ien hannen naam, Bûtenpost kaam der sporadisch noch wolris ut, mar tot grutte kansen liedde dit net. Nei san heal oere spieljen kaam der uteindelijk ek de 3-3 ut: Luuk de R beriekje mei in bjusterbaarlike fjoaraksje Gerard K die de keeper fan Bûtenpost mei in stieve punter ien de koarte hoek ferschalkte. Krekt as by alle goals fan Rottefalle hjoed, die de keeper fan Bûtenpost ek by dizze goal gjin moeite om te doeken. Nei dizze goal waard it op it fjild wat brimsticher helaas troch meardere oarsaaken sa as de gebroekelijke butenspul situaties en oertredingen. De skiedsrjochter hie it net allegjer mear ien de han en fjoaral de Bûtenpost spilers wiene knap oerémis by elke beslissing fan de skiedsrjochter of ús grinsrjochter Sipke B. Toen in goal wegens terecht hands fan Bûtenpost ek noch waard oakeurt wiene de rapen hielendol gear. De keeper fan Butenpost stong hast bie Anno ien de goal, sa doem wie der. Bûtenpost drong de leste minuten noch knap oan om de winst te forceren, allinich stong de ferdediging as in hus. En ien de lêste minút, nei knap utferdigjen, kaam de bal op de râne sechstjin

by Hielke A. Hij spiele sich knap frij ek berikte Hains M dy’t in knap skot loste op de goal fan Bûtenpost. De bal wie even underweis mar…. fia de binnenkant fan de peal rolle der binnen! 3-4. Wat een omslach! Der waard knap juicht nei dizze goal, en de skeids fluite frij snel nei dizze goal gau ôf. Een aantal spilers fan Bûtenpost se fûnen it frij lestich om te akseptearjen dat se ferlen hien en wieden nog even boos op Sipke, mar dat waard snel sust. 3 punten ien de pocket!!

In knappe oerwinning nei in 3-1 efterstan ien de rust, dat mei sein wurde. Sa bliuwt Rottefalle nei de winterstop ûnferslein en mei it folgende wieke ien Twizel besykje om dit sa te hâlden.

Groetnis,

Alwin Grondsma

Reacties zijn gesloten.