Rottevalle 2- Kollum 3

Op dizze brotsige 22ste fan april stie de wedstriid Rottevalle 2- Kollum op it programma. By in winstpartij soe it twadde plak helle wurde kinne. De hinnewedstriid yn Kollum einige yn in lokkiche oerwinning foar Rottevalle nei in- last minute- goal fan Rinze B (1-2).

De heer Hoekstra út Drachten floot om 12:30 foar it begin fan de wedstriid en it wie fan it begin ôf te sjen dat Kollum der hjoed in echte wedstriid fan meitsje woe. It wie bytiden feller as Rottevalle en dat resultearre fuort ien in pear kansen foar Kollum. Faaks wiene de mannen út Kollum ek wat sleau wurden fan de waarmte, want se krigen de ballen net efter Anno vd B. Oan de oare kant wie it wol raak. In moaie oanfal fia de linkerkant waard mei in moai hakje ferlingte nei Max de H. Hy helle dêrnei ferwoastend út yn de krúsing  1-0. Ek nei dizze 1-0 wie it Kollum dat bytiden wat feller wie as Rottevalle. Mei keunst en fleanwurk waarden de ballen derút helle, sadat foarkommen waard dat Kollum op 1-1 komme soe. Út  in tsjinoanfal fan Rottevalle waard it wol 2-0 nei dat Luuk de R moai frijspil waard troch Jurrit Jaap V. Hy stjoerde de lêste man fan Kollum it bosk yn en de keeper lei der ek foar de sier by. Nei dizze 2-0 kantele de wedstriid sa stadichoan yn it foardiel fan Rottevalle. De 3-0 liett dan ek net lang op him wachtsje. It wie al wer Rottevalle dat oan de linkerkant de ferdigening fan Kollum kompleet kapot spile, sa dat Wybren B alle romte ktiger om út te heljen. Yn de lange hoeke wie it dan ek de keeper dy’t gjin skyn van kâns hie, en it dus 3-0 waard. Koart hjirnei wie it rest.

Foar de twadde helte 3 wissels: Jolt K, Sieberen D en Max de H derút- Thimo M, Gerard K en de angstgegner fan Kollum – Rinze B- deryn. De twadde helte wie dúdlik dat it tempo wat nei ûnderen gean soe, want by beide ploegen wie te sjen dat se wat lest hiene fan de waarmte. Nei de ôftraap wie dit ek dúdlik te sjen. De earste twa minuten waard de bal wat achteryn rûnspile sûnder dat der wat barde. Toen de bal úteinlik út dizze vicieuze sirkel kaam, waard der drekt in gefaarlike oanfal makke oer rjochts. De corner die hjir út folge waard troch eltsenien fan Kollum mist, sa dat Wybren B rêstich oannimme koe en de keeper mei in midsmjittich skot fersloech yn de lange hoeke 4-0. De wedstriid like no toch echt wol spile, allinich tocht Kollum der oars oer. In lange rush fan de lêste man fan Kollum koe net ôfstoppe wurde troch Rottevalle en de foarset die der opfolge koe makkelik binnen ron wurde troch de spits fan Kollum. Rottevalle stie derbyen die neat, in kollektief ferdigejind falen. Mei noch dik in healoere te spyljen koe it noch spannend wurde, want Kollum sette noch in pear kear best oan. Oan dy spanning kaam gau in ein, want út in tsjinoanfal fan Rottevalle wie it al wer Wybren B die mei in noflik skot de keeper wer passearre yn de lange hoeke 5-1. Koart hjirnei noch even in drinkpauze, want dat wie wol nedich hjoed. Luuk de R der út en Max de H der wer yn op de lêste man en Popke J nei de foarste stellingen. Nei sa ’n 5 minuten spyljen waard der troch goed spul op it middenfjild Jurjen G berikt. Hy joech de bal geweldich foar op de ynstjoarjende Popke J. De bal, keeper en lêste man fan Kollum waarden rekke troch Popke mar de bal rolle rêstich oan de goal yn 6-1. It earste neioarlochse doelpunt fan Popke J dy ’t dus syn earste makke fan it seizoen. It slotakkoard yn dizze wedstriid wie fjoar Gerard K. Hy waard knap frijspile troch Alwin G op de rjochterkant en hy skode d6ernei de bal únder de keeper troch yn de lange hoeke 7-1. Fuort hjir nei floot de heer Hoekstra ôf foar it ein fan de wedstriid.

De dikste oerwinning foar Rottevalle dit seizoen wie in feit. Troch dizze oerwinning komt Rottevalle op gelykehichte mei ONT op it twadde plak, want ONT won knap mei 5-4 fan koprinner Buitenpost. Der is noch in teoretyske kâns op de titel, mar dêr prate we nei de wedstriid fan nije wieke tsjin Twijzel wol wer even oer. Dat ûnder it genot fan in hapke en drankje únder lieding fan Gaatze Bosma.

Groetnis en Oant Sjen,

Alwin Grondsma

Reacties zijn gesloten.