Op dizze moaie sneon 29 april stie dizze wedstriid op it programma yn de Rottefalle. Rottevalle is nei de winterstop noch hieltyd net erslein en probearre dat fannemidje sa te hâlden. Mei 29 punten út 11 wedstriden mei sprutsen wurde fan in poerbêste rige.
Skiedsrjochter Hamstra floot om 12:15 foar it begjin fan de wedstriid en it die fuort bliken dat Twizel hjir hjoed allinich mei 3 punten soe fuort gean, want it wie direkt feller en Rottevalle rân mar wat achter de feiten oan. Dit resultearre dan ek yn in snelle goal fan Twizel. Nei snel kombinaasjespul waard de rjochtsfjoar fan Twizel moai frijspiele, en hij koe frij iensjitte yn de koarte hoek by Anno vd B 0-1. Ek nei dizze goal wie it Rottevalle dat it swier hy mei it fellere Twizel. De twadde goal fan Twizel liet dan ek net lang op sich wachtsje. In ferkearde pass op it middenfjild kaam per abuis by de spits fan Twizel oan en my in snelle flitsende aksje en loopbeweging waard de ferdediging fan Rottevalle kompleet it bosk yn stjoerd. Hjirnei koe hy de bal rêstich efter Anno vd B skowe 0-2. Der moest no wol wat barre, want oars soe it grif min ôf rinne hjoed fjoar Rottevalle. It wie oeral in stap te let. Nei wat geraas en geflok fan de kant en yn it fjild, pakte Rottevalle de trie wer wat op. Ien fan dizze aksjes brocht de bal by Jurjen G die mei in skot fan san 20 meter de binnenkant fan de peal foun en sa de oansluttingstreffer fjoar Rottevalle makke 1-2. Twa oanfallen letter waard it ek alwer sa 2-2. Wybren B waard moai frijspiele yn de 16 fan Twizel- nei in fout fan de leste man fan Twizel-en hie skeat beheerst de bal yn de koarte hoek binnen. In snelle ommekeer yn dizze wedstriid wa hie dat tocht! En it wie noch net klear, want nei san 30 minuten spyljen waard it sels ek noch 3-2. In korner fan Rottefalle waard goed ynkoppe troch Jurrit Jaap V en via in rêch fan in Twizel spiler rôlle de bal yn de goal. In machtige ommekeer a la Buitenpost út. Nei dizze goal wie it Twizel dat de trie wer wat oppakte. Nei balferlies fan Rottevalle op it middenfjild koe in perfekte lange bal joun wurde op de spits fan Twizel. Dizze man wie wol redelik technysk en snel, dus dizze keer koe de ferdediging fan Rottevalle him wederom net berinne en koe hy yn de lange hoeke de 3-3 oantekenje. Dit wie ek de rêststand.
De twadde helte begie mei 1 wiksel oan Rottevalle side: Max de H derut en Thimo M der fjoar yn it plak. Rottevalle begie de twadde helte in stik better as de earste helte, it wie sekuurder yn de passing en duels waarden faker won, dit resultearre ek fuort yn wat kanskes wer at de bal sels fan de line (of derachter?) helle waard troch in Twizel ferdediger. úteinlik wie it toch raak fjoar Rottevalle. In corner kaam yn in scrimmage te loane yn de 16 meter fan Twizel en via Niels H en in ferdediger fan Twizel roeggele de bal yn de goal. Wederom in eigen doelpunt fan Twizel en de 4-3 fjoar Rottevalle. Ek nei dizze goal wie it Rottevalle dat it bettere fan it spul hy en af en toe gefaarlik troch kaam. Nei san 20 minuten wie it dan ek alwer raak. In moaie oanfal oan de linkerside fan it fjild kaam via Jurrit Jaap V en Luuk de R te lâne by in kompleet frijsteande Wybren B, die at alle tiid hy om de bal rêstich links fan de keeper yn de goal te sjitten 5-3. Nei dizze 5-3 wie it Rottevalle dat wat gas werom joech en dus Twizel de romte joech om wer wat te fuotbaljen. Dit resultearre dan ek yn enkele gefaarlike mominten yn de 16 meter fan Rottevalle wer at Rottevalle in pear kear best fuortkaam. De yne kear waard der gjin penalty joun en de oare keer wie it de spits fan Twizel die at tocht dat hy in minuut de tiid hie om in bal oan te nimmen. úteinlik waard der net mear scoort en fluite skiedsrjochter Hamstra ôf fjoar it einde fan de wedstriid.
Wederom 3 punten fjoar Rottevalle, mar wol seer swier bevochten dizze dei want Twizel makket it Rottevalle knap lêstich. Nei de winterstop bringt dit it totaal op 29 punten ut 11 wedstriden. In ongekend gemiddelde! Echter de titel liket knap fier fuort omdat Butenpost ek wer won op dizze sneon. Sie kinne dan ek de titel pakke folgende wieke op besite by Kollum. Rottevalle hat dan efkes in snipperwykein.
Ek it earste won dizze midje fan Twizel en der is noch steeds in bytsje hoop om rjochtstreekse degradaasje ôf te wenden.
Groetnis en oant sjen,
Alwin Grondsma