’t Fean ’58 3- Rottevalle 2

Sneon 13 Maaie stie dizze wedstriid op it programma op sportpark De Ketting. Nog twa wedstriden te gean fjoar Rottevalle yn dizze kompetysje mei it fjoarútsjoch dat it twadde plak noch it heechst berikber wie fjoar Rottevalle, omdat Butenpost fjoarige wyke by Kollum kampioen waard. Mei de lange unfersleine reeks fan Rottevalle soe dit helbaar kinne wese, allinich dizze dei soe it net mei sitte fjoar Rottevalle. It begie alwer mei de broekjes die alwer kwiet wiene…

Om 12:45 floot de skiedsrjochter under waarme omstannichheden ôf fjoar it begin fan de wedstriid op it minne B- fjild fan ’t Fean. It begin fan de wedstriid wie dan ek fan beide siden best wol slordig, folle balferlies en folle duels. Beide siden kaamen der af en toe even ut mei wat gefaarlike fjoarsetten, allinich kreake de ferdediging oan beide siden net sa bot. Pas nei san 20 a 30 minuten waard it by de goal fan it Fean gefaarlik mei kansen fjoar Wybren B, Jolt K en Siebren D, allinich wiene de ballen faak rjocht op de keeper sketten. De keeper soe dan hjoed ek in knappe sta-in-de-weg wurde fjoar Rottevalle. Folle soe der fjirder de earste helte net barre, it spul wie knap dreech en lei faak stil. Dit hy seker ek te krijgen mei it waarme waar, wer at sommige spilers op it fjild net sa best mei koene omgean.

De twadde helte Jolt K, Jurrit Jaep V en Max de H derút fjoar Hains M, Lykle S en Gerard K. Dizze twadde helte soe noch dreeger wurde as de earste helte  mei in protte spelhervattingen en in ferdediging fan ’t Fean die as in hûs stie hjoed. Rottevalle kaam der af en toe mei muoite trochhinne, mar in goed skot producere siet der faak net yn. Oan de oare kant wie it ’t Fean dat steeds driegender waard mei snelle counters wer at Rottevalle it faak de hannen fol oan hy. Nei san ketier spyljen gie it dan ek mis: in lange bal fan ’t Fean kaam fia de flipperkast tsjin in han oan fan de spits fan ’t Fean die at him detroch moai mei koe nimme. Syn perfekte fjoarset waard knap ynkopt troch de spits fan ’t Fean. Anno hy gjin skein fan kans 1-0. Uiteraard wieden der protesten by de skiedsrjochter fjoar de dúdelike handsbal, mar sa as de hiele midje wy de skiedsrjochter mear oan it genietsjen fan it moaie waar dan dat der besich wy mei de wedstriid. De goal waard dan ek goedkeurd. Nei dizze goal fan ’t Fean wie it Rottevalle dat echt oan de bak moest, derom it brekizer Hielke A der mar yn. Der kaamen hjirtroch wat hachelijke mominten fjoar de goal fan ’t Fean mei as hichtepunt in mislukte fjoarset fan Max de H die at hast de krúsing yn fleach, mar de keeper fan ’t Fean liet wer sjen dat hy hjoed de beste man fan it fjild wie troch de bal der knap ut te doeken. Fjirder soe it net mear tot 100% kansen komme fjoar Rottevalle en ’t Fean koe allinich noch mar ferdedigje, dus waard de tuskenstân fan 1-0 ek de eindstân.

In dreeche midje yn Surhusterfean wer at Rottevalle ferget te scoren de earste helte, wertroch it kontinu achter de feiten oan rân. En it mei sein wurde dat de ferdediging fan ’t Fean ek as in hûs stie, wertroch Rottevalle der net echt trochhinne kaam. In geliikspul wie terecht west fannemidje, allinich siet it Rottevalle dizze midje net bepaald mei.

Folgende wyke de lêste wedstriid thus tsjin de mannen fan it Skier, wer at Rottevalle mei winst noch in lêste gooi kin dwaan nei it twadde plak, al sil dat noch wol dreech wurde. We sille sjen.

Groetnis,

Alwin Grondsma

Reacties zijn gesloten.