Kampioen Bûtenpost oer de knibbel op it Hagehiem

Sneon 9 desimber stie yn de 1 nei leste speelronde fjoar de winterstop de wedstriid Rottevalle 2- Bûtenpost 5 op it programma.  Fjoarigd jier waard Bûtenpost kampioen en Rottevalle waard twadde, dus je kinne sprekke fan in topper. De wedstriid ûnder lieding fan de heer de Vries begie om 12:15.

Fanôf it begjin wy fuort te sjen dat Rottevalle hjoed allinich mei trije punten tevreden wie, want mei fersoarchd fjildspil probearde it Bûtenpost út elkoander te spieljen. Dit levere yn earste ynstaansje allinich in pear heale kansen op, mar mear ek net. It vizier stie net echt op skerp om samar te sizzen. Roun de 25ste minuut wie it echter oan de oare kant wol raak. In sublieme stekbal fan de mid-mid fan Bûtenpost foel precies tusken Anno en de sintrale ferdediging yn, wertroch de spits fan Bûtenpost 1 op 1 kaam mei Anno. Hy kapte Anno ferfolgens út en skeat de bal yn it lege doel. 1 kans 1 doelpunt, dat nimme we effectief. Dit wie knap soer, mar nei de ôftraap wie it fuort wer Rottevalle dat de striid yn gie. Nei san pear minuten nei de goal fan Bûtenpost wie it eindelik Rottevalle dat juiche koe. In oanfal oer rjochts kaam úteindelik by Hains út, en hy joech de bal skitterend fjoar op Wybren die de bal via de keeper fan Bûtenpost  binnenkopte. Koart nei dizze goal koe ek de 2-1 noteert wurde mei deselde haadrolspilers. No fia links wie it Wybren die de bal fanôf de kornerflagge fjoar joech op Hains, die ferfolgens de bal skitterend binnenkopte. De keeper koe allinich reagere mei in raar hupke. Roun de 40 minuut waard de marge sels op 2 brocht troch dieselde Hains die fanôf bûten de 16 meter in flammend skot ôfskeat op de keeper fan Bûtenpost. Dizze bal wie sa hurd, dat der dwars troch de hannen fan de keeper yn de goal gie. 3-1 en Hains op koers fjoar de sûvere hattrick. It soe jammerlik genoch fjoar Rottevalle net sa bliuwe fjoar rêst, want Bûtenpost kriege noch in oantal korners. De earsten koeden fuortwurke wurde wurde mei ûnder oare de redding fan de wedstriid fan Anno, mar Rottevalle moest by de lêste korner toch kapitulere nei in scrimmage fan nivo. De VAR is der noch steeds net út wa at dizze goal makke. Piipskoft 3-2 fjoar Rottevalle.

De twadde helte begie fjoarearst mei deselde opstelling, mar de supersubs Rinse, Hielke, Gerard en Max soeden de arena druppelsgewijs betrede. De earste 10 minuten fan de twadde helte barde der yn earste ynstaansje net safolle, mei útsundering fan in fremde handsbal yn de 16 fan Bûtenpost wer at net fjoar floten waard. Mar hjirnei wie it Rottevalle dat fol yn de oanfal gie om de marge wer op 2 te bringen. Mei in oantal fersoarchde oanfallen waard de ferdediging fan Bûtenpost aardich op de proef stelt. Nei san pear oanfallen moest dizze ferdediging wol kapitulere. Via Arjen en Bennie kaam de bal oer in pear skiven by de earste peal wer at Jesse Wander de bal mei de grutte tean yn de koarte hoeke koe prikke. In moaie oanfal mei dito goal. Mei in marge fan 2 fjoar Rottevalle foel de wedstriid in bytsje dea. Rottevalle foen it wol best en Bûtenpost slagge der ek net echt yn om by de goal fan Rottevalle te kommen. It kriege echter wol in pear korners en by ien fan die korners stie de ferdediging wat te sliepen, want de oanfierder fan Bûtenpost koe frij ynkoppe en dus de 4-3 meitsje. Alle hannen oan dek wer dus. It bliuw lang spannend mei in oantal oanfallen oer en wer, mar san 3 minuten fjoar tiid waard it pleit beslecht troch Leon. Hy waard moai fuortstutsen troch Martijn en mei in flammend skot yn de lange hoeke moest de keeper fan Bûtenpost fjoar de fiifde keer dizze midje de bal ut it net helje. 5-3. Koart hjirnei wy it dyn en koe Rottevalle wer 3 punten byskriuwe.

Mei 12 punten út 8 wedstriiden kin Rottevalle langsamer oan wer wat omheech sjen, mar it is noch ‘in long way to the top’

Groetnis, Alwin Grondsma

Reacties zijn gesloten.