VV Rottevalle

⚽🤝

Saterdei hawwe wy in ûnderling toernoai spile mei Eastermar as ûnderdiel fan ús jongerein gearwurking. In moaie en sportive yntroduksje foar spilers, trainers, leiders en supporters!

Ek hynen we de onthulling fan it nije logo:

Eastermar en Rottevalle binne al jierrenlang mei-inoar ferbûn troch it wetter. Dy ferbining is werom te sjen yn it logo fan SJO de Leyen: de klupkleuren fan beide ferienings komme gear en rinne yninoar oer. It skûtsje stiet sintraal as symboal fan ferbining, beweging en foarútgong. It skip dat eartiids it fean en de turf ferfierde, en no de jeugd foarút bringt. Mei de wyn yn ‘e seilen stiet SJO de Leyen foar:
De allerbêste jeugdoplieding foar doarpsklups 💪⚽