Sneon 25 april stie de wedstriid Rottevalle 3 – Waskemar 5 op it programma op it Hagehiem. Op papier wie it yn Waskemar, mar dat wie earder omruile yn ferbân mei in feest yn Waskemar yn septimber. Op de ranglist koe sprutsen wurde fan in striid om it tredde plak, want der sieten mar in pear punten ferskil yn. Ut waard der yn in doelpuntenfestyn mei 6-4 ferlern, dat moast dus better hjoed. Fia de groepsapp fan it Tredde waard dizze kear de opstelling dield. Mei in A++++-opstelling yn de as koe dit net ferkeard gean. Ek de weromkear fan Arjen B. nei lang blessureleed moat even neamd wurde.

Under lieding fan de hear P. de Vries waard der ôftrape om 14:30 oere op it gersfjild. Fanôf de ôftrap wie it daliks Rottevalle (VVR) dat in visitekaartsje ôfjoech foar de wedstriid. Fia fjouwer skiven kaam de bal by Jelle W., dy’t de bûtenkant fan de peal rekke. Nei dizze earste kâns foar de VVR liet ek Waskemar sjen dat se wol in bytsje fuotbalje koene. De twa snelle bûtenspilers fan Waskemar waarden maklik fûn. Oant minút 14 gie it goed, mar doe koe goalie Steijn G. in foarset fan Waskemar net ûnskadelik meitsje. De bal kaam dêrnei foar iepen goal, dêr’t de rappe bûtenspiler fan Waskemar maklik de 0-1 yntikke koe. Fuort nei de ôftrap wie it VVR dat daliks op syk gie nei de 1-1, en dy kaam der ek gau. Fia Jelle W. kaam de bal op de râne fan de 16 by Arjen B., dy’t de bal fia in ferrifeljende stuit yn de goal krige: 1-1. De wedstriid wie wer yn lykwicht, en dat bleau ek it spylbyld yn de earste helte. Oan beide kanten waarden der kânsen kreëarre, mar de bal woe der net mear yn. It wie foaral rommelich en de ballen kamen net altyd goed oan. Sa gienen we rêste mei in 1-1 stân.
Op it keunstgers waard der trouwens troch it Twadde knap wûn fan ONB 2 mei 3-0. In ekstra boost foar it Tredde om dizze middei ek te winnen. Om dit te berikken waarden Durk D. en Anno van den B. wiksele foar Theo de H. en Niek M.
De twadde helte begûn eins wer sa’t de earste einige wie. It spul gie beide kanten op, wat betsjutte dat beide ploegen aardich rinne moasten en de kondysje test waard by guon spilers. Waskemar waard in pear kear gefaarlik foar de goal fan de VVR, mar ta skoten tusken de peallen kaam it net. Yn de counter fan dizze oanfallen wie it de VVR dat geregeld gefaarlik foar de goal fan Waskemar kaam. Der wiene knappe kânsen te notearjen, foaral foar ús spits Jelle W., dy’t der wol in pear yn prikke kinnen hie.
Nei in heal oere yn de twadde helte like it wol in wedstriid te wurden dêr’t de bal der echt net yn woe. In bal fan Jelle W. fanôf twa meter waard op ’e nij tsjin de peal tikt en fia in karambol waard de bal út de 16 fan Waskemar kanonnearre nei de nijbou oan de Efterwei. In protte ûngeloof by de spilers en staff fan VVR. Waskemar waard oan de oare kant fia in frije traap noch tige gefaarlik, mar ek dy bal gie net tusken de peallen. It spylbyld wie oant no ta gelyk, dêr’t beide ploegen aardich oan elkoar weage wiene.
Nei in heal oere spyljen yn de twadde helte drukte de VVR stadichoan hieltyd mear troch op de helte fan Waskemar en kamen der hieltyd mear kânsen. Fia in moaie útraap fan Steijn G. kaam de bal by Jelle W., en mei in prachtige Cruyffiaanske bûtenkant-rjochtsbeweging kaam de bal perfekt foar de fuotten fan ús oare spits Hains M., dy’t de bal yn de lange hoeke neist de keeper skode: 2-1.
Dizze 2-1 wie de befrijende goal dy’t einlings makke waard. Der waard moai juicht op it sportpark mei in soad publyk. Dizze 2-1 wie de kapitulaasje fan Waskemar, dat eins wol woe dat de wedstriid klear wie. Mar de VVR wie noch net klear hjoed. Fia in snelle oanfal kaam de bal fia Jelle W. by Niek M. Hy kapte de bal mei rjochts nei syn linkerfoet yn de 16 meter, en mei in ferwoestend skot yn it dak fan de goal makke hy der 3-1 fan – syn twadde seizoenstreffer. Dizze twabenichheid fan Niek M. wie menich spiler noch ûnbekend, mar de scouts fan it Earste hawwe dit grif sjoen.
It wie noch net klear dizze middei, want in minút letter wie it wer raak. Fia in snelle opbou fan achterút joech Niek M. de bal foar op Jelle W., dy’t der by de earste peal rap by wie en de bal yn de koarte hoeke yntikke koe: 4-1. Yn de lêste minút dan dochs noch de earste goal fan Jelle W. dizze wedstriid (en trije assists). Koart dêrnei waard Waskemar út de lijen ferlost troch Pieter de V. mei it lêste fluitsinjaal. As de wedstriid noch langer duorre hie, dan hie de skoare noch fierder oprinne kind.
Troch dizze prachtige trije punten stiet Rottevalle 3 mei 33 punten út 17 wedstriden, mei seis punten foarsprong, moai op it tredde plak. RWF 4 liket mei in flinke marge kampioen te wurden, mar it twadde plak is noch wol in mooglikheid foar it Tredde. Opende 3 stiet hjirboppe, en de lêste wedstriid fan it seizoen is ek tsjin Opende 3.

Groetnis,
Alwin Grondsma



















