VV Rottevalle

De takomst dy ’t wy seagen
wie grutter dan de tiid,
die ’t wy mei elkoar krigen,
Mar wat dielden bliuwt.
foar altyd,
mei ús leafde foar dy.

Op tiisdei 1 july krigen wy as fuotbalferiening Rottefalle it fertrietlike berjocht
dat ús lid Rapke van der Wal  stoarn wie.

Rapke begûn syn sportive karriêre by de vv Rottefalle as keeper, mar sette him
letter ek op oar gebiet yn foar de feriening.
Sa brocht hy syn erfaring as keeper noch yn de praktyk as keepertrener en wie hy
lieder fan it jeugdteam wêr ’t syn soan Jelte yn spile.
Fierder wie hy ek noch in skoft in wurdearre lid fan de Technyske Kommisje. En fansels
koene jierrenlang de barfrijwilligers By him thús de sleutels en  itjildkiste helle en brocht
wurde.

Út namme fan alle leden en eltsenien dy ’t ferbûn is mei de vv Rottefalle winsket it bestjoer
syn frou Dina, dochters Amerins en Fardau, soan Jelte, pakesizzer Yentl en fierdere famylje
hiel folle sterkte mei dit grutte ferlies.

Op freed 4 july is der fan 19.15 oant 20.00 oere ta tiid de famylje te kondolearjen yn de
Menistetsjerke, Haven 16 yn De Rottefalle.

It bestjoer fan de vv Rottevalle