Angstgegner Surhusterfean eindeliks ferslein

Sneon 12 april stie de wedstriid Rottefalle 2 – Surhústerfean 4 op it programma op Sportpark It Hagehiem. Altyd in drege tsjinstanner foar It Twadde, want de foarige 5 edysjes waarden allegear ferlern (en soms sels hiel kansleas). De útwedstriid fan dit seizoen einige yn 6-1 foar de thúsploech. Rottefalle moast deroan te leauwen tsjin de hjoeddeiske koprinner. Ferline wike waard der yn Kollum tsjin Joop Pijnacker en co. mei 4-0 kansleas ferlern. Rottefalle hie in echte ‘offday’, dêr’t de ballen regelmjittich rjochting de pleatslike ekstersnesten fleagen. Trainer Sipke wiisde by de warming-up op in oantal spilers fan Surhústerfean dy’t de foarige kear sterk wiene. Dêr moast ekstra druk op komme. Under lieding fan debutearjend skiedsrjochter Jesper Pool begûn Rottefalle sterk oan de wedstriid. By twifeljend optreden efteryn by Surhústerfean waard der fuortendaliks druk setten, wêrtroch’t de bal foar de fuotten fan Hains kaam. Each yn each mei de keeper skeat er raak. In flugge 1-0, altyd lekker! Nei dit doelpunt bleau Rottefalle striidber, en de twadde bal wie faak foar harren. De passing wie lykwols net folle wurdich, wêrtroch’t de lêste pass foar in doelpoging ûntbruts. Ut de counters waard Surhústerfean wol gefaarlik, en dat soarge al gau foar de 1-1. Slordich balferlies foarin waard goed útspele troch Surhústerfean, en in skot waard net goed ferwurke troch Anno. Sa koe de linksbûten fan Surhústerfean de bal frij ynsjitte. Ek nei dit doelpunt bleau it wedstriidbyld itselde. Slordichheden yn de passing by Rottefalle joech Surhústerfean kânsen om te counterjen. Nei sa’n healoere waard dat Rottefalle wer fataal. In flugge counter berikte de spits fan Surhústerfean, en dy skeat knap binnen: 1-2. Ek nei dat doelpunt beseften se by Rottefalle noch net dat it better wie om rêstiger op te bouwen. Nei balferlies oan de rjochterkant fan it fjild waard de flugge linksbûten fan Surhústerfean fuortstjoerd. De iennichste opsje foar Popke om in 100% kâns foar te kommen wie om him ûnrjochtmjittich ûnderút te heljen. In penalty foar Surhústerfean! De penaltynimmer wie lykwols hiel foarspelber yn syn oanrin, en de strafskop waard in maklike proai foar Anno. Gjin 1-3 krekt foar de rêst, in hiel wichtich momint yn de wedstriid. Koart dêrnei wie it rêst. Yn de twadde helte gjin wikselingen by Rottefalle. By de gasten wie dat oars. Mei 17 man hiene se genôch opsjes. En mei de waarmte gjin overbodige lúkse.De earste kâns yn de twadde helte wie foar Surhústerfean, dêr’t de spits ek each yn each kaam mei Anno. Mei in goede rêding fan Anno, en dêrnei op de line troch Daniel, waard de 1-3 foarkommen. Wer in wichtich momint yn de wedstriid. Nei 20 minuten spyljen wie it Rottefalle dat juiche koe. In moaie stekpass fan Alwin brocht de bal tusken Leon en de keeper yn. Leon tikte de bal noch fluch oan, wêrtroch’t de keeper stroffele en op de grûn kaam. Dêrnei koe Leon de bal kalm ynsjitte: 2-2. Nei dit doelpunt like der wat te brekken by Surhústerfean, want de enerzjy wie fuort. Rottefalle waard nochris gefaarlik út in pear counters, ûnder oare mei in skot fan Hains op de latte, dêr’t de keeper fan Surhústerfean knap by siet.Mar doe, miskien wol it moaiste momint fan de middei yn de eagen fan Rottefalle. Martijn seach dat de keeper wat fier foar syn goal stie, en fan 40 meter skeat er de bal prachtich oer de keeper hinne: 3-2. Grutte freugde by Rottefalle! In omslach dy’t der lang net yn siet, kaam der dochs. Ek nei dit doelpunt waard Rottefalle noch gefaarlik, en de 4-2 hie der wol yn moatten, ûnder oaren troch ûndertekene. Yn de lêste minuten wie it “froulju en bern earst” by Rottefalle, mar gelokkich hie Surhústerfean net mear de skerpe kop noch de krêft om in grutte kâns te kreëarjen. De hjoed goed liedende skiedsrjochter Pool fluitte úteinlik om 15:15 ôf foar it ein fan de wedstriid. 3 punten tsjin de koprinner, dat fielt altyd goed mei in bierke nei de tiid! Mei 18 punten út 16 wedstriden is it foar Rottefalle foaral noflik om it seizoen restich út te baljen, want kampioen kin it net mear wurde. Wa’t kampioen wurdt is tige spannend, want it liket derop dat nimmen it wêze wol. Kollum 4, Drogeham 2, FC Surhústerfean 4, ONB 2 en sels Ryptsjerk 3 steane allegear ticht byinoar. Rottefalle giet tongersdei 17 april nei Ryptsjerk ta om it dêr in oare titelkandidaat lestich te meitsjen. Groetnis, Alwin Grondsma
It Twadde bestiet noch!

It wie alwer in skoftsje lyn dat der in ferslach wie fan It Twadde, mar dat betsjut net dat se net spile ha! Nei de winterstop wie de start goed, mar spitigernôch koe dat net trochset wurde yn goede resultaten. It gefolch? In plak yn ‘e ûnderste regionen. Mei noch sân wedstriden te gean, moat dêr feroaring yn komme. Op sneon 29 maart stie de wedstriid Rottevalle 2 – Kollum 4 op it programma op Sportpark It Hagehiem—de nûmer 11 tsjin de nûmer 2. De ploegen hiene elkoar noch net earder troffen, dus Rottevalle wist net wat it ferwachtsje koe. In oerwinning wie wol wer ris nedich, want út de lêste fjouwer wedstriden wie mar ien puntsje helle. Op it hobbelige gersfjild fluite skiedsrjochter Jeen Bruinsma om likernôch 13:30 foar it begjin fan de wedstriid. Rottevalle naam fuortendaliks it inisjatyf, en dat soarge daliks foar in grutte kâns foar Sieberen. Spitigernôch krige hy de bal net troch de skonken fan de Kollum-keeper. In stoarmjend begjin fan Rottevalle smiete lykwols gjin doelpunt op. Oan de oare kant wie it nei 10 minuten wól raak. De linksfoar fan Kollum naam de bal mei de hân mei en skeat dêrnei hurd raak. Spitigernôch seach de skiedsrjochter de handsbal net, en dus waard it 0-1. Nei dit doelpunt naam Kollum it foartou en waard yn in oantal gefallen gefaarlik foar it doel fan Rottevalle. Gelokkich spile Anno hjoed in prima wedstriid, en de kânsen fan Kollum waarden net benut. Rottevalle kaam in pear kear út ‘e ferdigening wei, wat resultearre ta in frije traap oan de linkerkant fan it fjild yn‘e 30ste minút. Eswin brocht de bal moai yn op Martijn, dy’t him panklear foar it doel fan Kollum lei. Luuk wie de persoan dy’t, al stroffeljend, de bal yn it net fan Kollum wist te krijen. 1-1. Mear hichtepunten wiene der yn in matige earste helte net te notearjen. Yn de twadde helte wiene der earst gjin wikselingen oan de kant fan Rottevalle. Der moast wol út in oar fet getten wurde om de oerwinning yn ‘e wacht te slepen, want yn ‘e oanfal wie it te swak troch in protte ferkearde passes oer en wer. Rottevalle sette yn de twadde helte fol enerzjy útein op ‘e helte fan Kollum. Mei goed kombinaasjespul waarden der in pear hoekskoppen ôftwongen. De druk fan Rottevalle late al gau ta in doelpunt. Nei 10 minuten draaide in skerpe corner fan Luuk by de twadde peal binnen, wêrby’t Martijn de bal ynrûn en yn it doel fan Kollum skeat. 2-1. Fiif minuten letter wie it wer raak foar Rottevalle. In lange bal fan Popke waard yn ien kear út ‘e loft nommen troch Wybren, dy’t de bal prachtich oer de keeper fan Kollum hinne skeat fan sa’n 30 meter ôfstân. 3-1. It wie neffens de bank al lang lyn dat Rottevalle mei in foarsprong fan twa doelpunten foarstien hie. It wie dúdlik: Rottevalle siet op roazen. It fertrouwen fan de spilers naam mei de minút ta, wat ek te sjen wie oan in pear moaie kombinaasjes en aksjes. Mar Kollum bleau gefaarlik yn ‘e omskeakeling, en yn de 30ste minút levere dat in hoekskop op oan de rjochterkant fan it fjild. Kollum krige frij spul om de bal te binnen te sjitten, om’t gjinien fan Rottevalle besocht de bal te ferdigenjen. 3-2. Mei in ferskil fan mar ien doelpunt waard it wer spannend, mar lokkich bleau Rottevalle oanfallend goed fuotbaljen en like in doelpunt mar in kwestje fan tiid. In lange bal fan Leon waard prachtich út ‘e loft helle troch Luuk, dy’t mei in skynbeweging syn ferdigener it bosk yn stjoerde. It skot dat dêrop folge wie goed útfierd, en de keeper fan Kollum koe allinnich mar, al dûkend, tasjen hoe’t de bal yn it doel ferdwûn. 4-2. Mei noch sa’n 10 minuten op ‘e klok like de wedstriid besletten. Kânsen op 5-2 waarden jammerlik net benut, mar de marge wie der. Yn de lêste sekonden fan de wedstriid foel oan de oare kant lykwols noch in doelpunt. Hoe’t dat krekt ta stân kaam, wie net dúdlik, mar it sil fêst in moai doelpunt west hawwe. 4-3. Koart dêrnei fluite de skiedsrjochter ôf en wiene de 3 punten binnen foar It Twadde. In moaie teamprestaasje, dy’t fuortset waard oant yn de lette oerkes yn Drachten, dêr’t de pleatslike bowlingbaan ûnfeilich makke waard troch de spilers fan It Twadde. Takomme wike stiet der wer in wedstriid tsjin VV Kollum op it programma, mar ditkear op harren eigen sportpark Baensein yn Kollum. Alwin Grondsma
Alle wedstrijden komend weekend afgelast.
In verband met de winterse omstandigheden zijn alle wedstrijden komend weekend afgelast!