VV Rottevalle

Rottefalle 3 stoomt troch yn 2026!

Sneon 25 april stie de wedstriid Rottevalle 3 – Waskemar 5 op it programma op it Hagehiem. Op papier wie it yn Waskemar, mar dat wie earder omruile yn ferbân mei in feest yn Waskemar yn septimber. Op de ranglist koe sprutsen wurde fan in striid om it tredde plak, want der sieten mar in pear punten ferskil yn. Ut waard der yn in doelpuntenfestyn mei 6-4 ferlern, dat moast dus better hjoed. Fia de groepsapp fan it Tredde waard dizze kear de opstelling dield. Mei in A++++-opstelling yn de as koe dit net ferkeard gean. Ek de weromkear fan Arjen B. nei lang blessureleed moat even neamd wurde. Under lieding fan de hear P. de Vries waard der ôftrape om 14:30 oere op it gersfjild. Fanôf de ôftrap wie it daliks Rottevalle (VVR) dat in visitekaartsje ôfjoech foar de wedstriid. Fia fjouwer skiven kaam de bal by Jelle W., dy’t de bûtenkant fan de peal rekke. Nei dizze earste kâns foar de VVR liet ek Waskemar sjen dat se wol in bytsje fuotbalje koene. De twa snelle bûtenspilers fan Waskemar waarden maklik fûn. Oant minút 14 gie it goed, mar doe koe goalie Steijn G. in foarset fan Waskemar net ûnskadelik meitsje. De bal kaam dêrnei foar iepen goal, dêr’t de rappe bûtenspiler fan Waskemar maklik de 0-1 yntikke koe. Fuort nei de ôftrap wie it VVR dat daliks op syk gie nei de 1-1, en dy kaam der ek gau. Fia Jelle W. kaam de bal op de râne fan de 16 by Arjen B., dy’t de bal fia in ferrifeljende stuit yn de goal krige: 1-1. De wedstriid wie wer yn lykwicht, en dat bleau ek it spylbyld yn de earste helte. Oan beide kanten waarden der kânsen kreëarre, mar de bal woe der net mear yn. It wie foaral rommelich en de ballen kamen net altyd goed oan. Sa gienen we rêste mei in 1-1 stân. Op it keunstgers waard der trouwens troch it Twadde knap wûn fan ONB 2 mei 3-0. In ekstra boost foar it Tredde om dizze middei ek te winnen. Om dit te berikken waarden Durk D. en Anno van den B. wiksele foar Theo de H. en Niek M. De twadde helte begûn eins wer sa’t de earste einige wie. It spul gie beide kanten op, wat betsjutte dat beide ploegen aardich rinne moasten en de kondysje test waard by guon spilers. Waskemar waard in pear kear gefaarlik foar de goal fan de VVR, mar ta skoten tusken de peallen kaam it net. Yn de counter fan dizze oanfallen wie it de VVR dat geregeld gefaarlik foar de goal fan Waskemar kaam. Der wiene knappe kânsen te notearjen, foaral foar ús spits Jelle W., dy’t der wol in pear yn prikke kinnen hie. Nei in heal oere yn de twadde helte like it wol in wedstriid te wurden dêr’t de bal der echt net yn woe. In bal fan Jelle W. fanôf twa meter waard op ’e nij tsjin de peal tikt en fia in karambol waard de bal út de 16 fan Waskemar kanonnearre nei de nijbou oan de Efterwei. In protte ûngeloof by de spilers en staff fan VVR. Waskemar waard oan de oare kant fia in frije traap noch tige gefaarlik, mar ek dy bal gie net tusken de peallen. It spylbyld wie oant no ta gelyk, dêr’t beide ploegen aardich oan elkoar weage wiene. Nei in heal oere spyljen yn de twadde helte drukte de VVR stadichoan hieltyd mear troch op de helte fan Waskemar en kamen der hieltyd mear kânsen. Fia in moaie útraap fan Steijn G. kaam de bal by Jelle W., en mei in prachtige Cruyffiaanske bûtenkant-rjochtsbeweging kaam de bal perfekt foar de fuotten fan ús oare spits Hains M., dy’t de bal yn de lange hoeke neist de keeper skode: 2-1. Dizze 2-1 wie de befrijende goal dy’t einlings makke waard. Der waard moai juicht op it sportpark mei in soad publyk. Dizze 2-1 wie de kapitulaasje fan Waskemar, dat eins wol woe dat de wedstriid klear wie. Mar de VVR wie noch net klear hjoed. Fia in snelle oanfal kaam de bal fia Jelle W. by Niek M. Hy kapte de bal mei rjochts nei syn linkerfoet yn de 16 meter, en mei in ferwoestend skot yn it dak fan de goal makke hy der 3-1 fan – syn twadde seizoenstreffer. Dizze twabenichheid fan Niek M. wie menich spiler noch ûnbekend, mar de scouts fan it Earste hawwe dit grif sjoen. It wie noch net klear dizze middei, want in minút letter wie it wer raak. Fia in snelle opbou fan achterút joech Niek M. de bal foar op Jelle W., dy’t der by de earste peal rap by wie en de bal yn de koarte hoeke yntikke koe: 4-1. Yn de lêste minút dan dochs noch de earste goal fan Jelle W. dizze wedstriid (en trije assists). Koart dêrnei waard Waskemar út de lijen ferlost troch Pieter de V. mei it lêste fluitsinjaal. As de wedstriid noch langer duorre hie, dan hie de skoare noch fierder oprinne kind. Troch dizze prachtige trije punten stiet Rottevalle 3 mei 33 punten út 17 wedstriden, mei seis punten foarsprong, moai op it tredde plak. RWF 4 liket mei in flinke marge kampioen te wurden, mar it twadde plak is noch wol in mooglikheid foar it Tredde. Opende 3 stiet hjirboppe, en de lêste wedstriid fan it seizoen is ek tsjin Opende 3. Groetnis, Alwin Grondsma

Voorlopige team-indeling SJO de Leyen 2026-2027

Team-indeling SJO de Leyen 2026-2027 Hierbij de indeling van de oudste jeugdgroepen. De spelers zijn in principe ingedeeld op leeftijd (uitgezonderd een aantal spelers). We hebben veel gepuzzeld en overlegd met betrokkenen en zijn uiteindelijk tot deze indeling gekomen met 2 JO13 teams. We denken zo, dat iedereen met zijn/haar leeftijdsgenootjes in een fijn team komt te spelen. Mocht er nog iets wijzigen, dan zullen we dit met de betrokken spelers/ouders bespreken. We hopen dat leiders, trainers en ouders ons willen helpen, om deze samenwerking tot een succes te laten uitgroeien. Mochten er nog vragen zijn, bel dan gerust met Niels Rinsma 06-48376347 of Jan Oetze Keuning 06-30126889 JO19 Hessel Wybren Hempenius – Eastermar Pieter Glastra van Loon – Eastermar Jan Wiersema – Eastermar Stefan Dijkstra – Eastermar Sipke Bouma – VVR Harmen Sietsma – Eastermar Markus Hoekstra – VVR Tieme de Boer – VVR Teake Tjoelker – Eastermar Joël van den Hul – Eastermar Hindrik Oosterman – Eastermar Maurits Uuldriks – VVR Mink v/d Velde – VVR Herman Glastra van Loon – Eastermar Sander de Boer – Eastermar Jelmer Nicolai – VVR JO17 Jesse de Boer – VVR Jarno Hiemstra – Eastermar Jurre Barkmeijer – VVR Andries Offringa – Eastermar Lars Holwerda – VVR Ryan Bruinsma – VVR Willem v/d Veen – VVR Aron Zwart – VVR Roan Rinsma – VVR Lars Veenstra – Eastermar Djimmer-Jan Buruma – Eastermar Simme Keuning – Eastermar Sven van der Ploeg – Eastermar Jeroen van Dijk – Eastermar Ivan Meindertsma – Eastermar Ryan Kuperus – Eastermar Chris Alma – Eastermar JO15 Reza Alkhalidi – VVR Sem Rinsma – VVR Auke-Jan Glastra-van Loon – Eastermar Dylan van Linde – Eastermar Milan Steringa – Eastermar Sven Meijer – VVR Rienk Sytsma – Eastermar Rick de Boer – Eastermar Sverre Oosterman – Eastermar Ids auke Veenstra – VVR Giem Swart – VVR Wander Taekema – Eastermar Jens Levi Mulder – Eastermar Jörn Antonides – Eastermar Mathijs Bol – VVR Jens Nicolai – VVR JO14 Jens Hogendorp – Eastermar Thijmen Hoekstra – Eastermar Jordy Tuinstra – VVR Jesse Loonstra – VVR Jelte Douwes – Eastermar Jurre Koolhaas – VVR Jelmer Lyklema – Eastermar Karst Scheper – Eastermar Niek Meekma – Eastermar Rienk van Dijk – Eastermar Folkert Wagenaar – VVR Emiel Landman – VVR Pelle Bosma – VVR Tygo Rinsma – VVR Hendrik Mulder – VVR Winston Elzinga – VVR JO13-1 Steffen Bosma – VVR Jakob Jan Paulus – VVR Jesse Oostveen – Eastermar Jelle Glastra van Loon – Eastermar Jentse van Egmond – Eastermar Lars van Donselaar – Eastermar Yorrit Zuidema – Eastermar Marrit Schoorstra – Eastermar Hendrik Koops – Eastermar Jens Jonkman – Eastermar Lieke van der Ploeg – Eastermar Anna Doetjes – VVR Tieme Kloosterman – VVR Yvan Wolthuizen – VVR Sinne-Marije Buruma – Eastermar JO13-2 Siem Cuperus – VVR Wieger de Bos – VVR Ruben Dijkstra – Eastermar Teije Dijkstra – Eastermar Gabriël Vreeling – Eastermar Sem Kes – Eastermar Iwan Meijer – VVR Jan Veenstra – Eastermar Mathijs Postma – Eastermar Liam Oostveen – Eastermar Nils Veenstra – Eastermar Catrinus Tadema – Eastermar Iwan Meekma – Eastermar Simme Mulder – Eastermar Sverre Anthonides – Eastermar Jurre Bosma – VVR Herre Bosma – VVR

Dropactie 10 april 2026

Vrijdag 10 april is er een dropactie, dit jaar gaan we in plaats van paaseieren drop verkopen. Alle jeugdleden van de JO7 t/m JO17 worden verwacht. We starten om 17.00 vanaf het Hagehiem en komen dan langs de deuren. Voor de jongste jeugd graag begeleiders mee als de kinderen nog niet zelf langs de deuren kunnen. De opbrengst is voor de jeugdteams ⚽️🖤💙 We zien jullie graag op 10 april! 😃De ontspanningscommissie

Update SJO de Leyen

Beste leden, Hierbij een korte stand van zaken over de samenwerking tussen Eastermar enRottevalle als SJO de Leyen. Na het geslaagde onderlinge toernooi zijn we drukmet teamindelingen, nieuwe shirts, opzet, organisatie, financiën, extraactiviteiten etc. Hieronder een globale tijdlijn die we volgen. 8 april | Concept teamindeling bespreken met trainers/leiders/adviseurs 10 april | Pubquiz (JO-12 t/m JO-19) 11 april | Teamindeling bekend op de website 1 mei | Deadline inleveren formulieren SJO bij de KNVB 13 juni | Jeugdtoernooi VV Eastermar 5 september| Start seizoen 2026/2027 als SJO de Leyen Mocht u vragen of ideeën hebben, laat het ons weten. Het is nieuw voor ons allemaal en zal zekerin de beginfase een extra inspanning vergen van ouders, leiders, coaches en alle overigebetrokkenen. Alle hulp is welkom! Het jeugdbestuur van SJO de Leyen Anneke de Boer- VV EastermarJan Oetse Keuning- VV EastermarJelte Heidbuurt- VV EastermarNiels Rinsma- VV RottevalleMarco van der Veen- VV Rottevalle

Nieuwe Oan ‘e Foet is uit

Er is weer een nieuwe Oan ‘e Foet van april 2026 uit. Lees de laatste nieuwtjes en verhalen rondom de club nu in de Oan ‘e Foet. De nieuwe Oan ‘e Foet is hier te vinden.

Poiesz munten kest hjoed noch ynleverje!

Tink dr om, de poiesz aksje eindigt hjoed. Kest dyn munten oant jûn 20:00 oere noch ynleverje yn de koker fan V.V. Rottefalle yn de Poiesz yn de Harkema. Hast noch munten lizzen, ferjit se dan net yn te leverjen! Dan geane we mei syn allen foar in moai resultaat.

LÊTSTE WIEKE: Dizze wieke 100 extra munten by online bestelling Poiesz

Goeie spilers, leden en elkenien dyt ús stipet, de letste wike is oanbrutsen. Keapje dizze wike jo boadskippen noch by de Poiesz yn De Harkema en leverje jo munten yn. De munten ynleverje kin yn de winkel sels, mar ek yn de kollektebussen yn de Kantine fan de VVR en by Bakker It Smulderspleintje. At jo dizze wike de boadskippen besoargje litte krije der boppe op nochris 100 extra munten! Ik soe sizze allegearre om drúven nei de Poiesz en stypje ús! Der kin noch wat by en de opbringst is foar de jeugd! Tige by tige!

Saterdei 28 maart stiet ús jeugd yn de Poiesz Harkema & tuskenstân aksje

Oankommende saterdei 28 maart stiet ús jeugd yn de Poiesz yn Harkema om ekstra munten te werven foar de aksje. Komst ek efkes del om ús jeugd te stypjen? We steane d’r fan 09:45 oant en mei 15:15 oere. Kom del en stypje de jeugd fan de VVR! De tuskenstân is momenteel as folgt: Dat kom saterdei del en keapje wat oanbiedings, want we kenne noch wol wat ekstra munten brûke! De oanbiedings dizze wieke binne: